Ljouwerter (43) bedriget meiwurkers fan de McDonalds

22 des 2014 - 10:19

In 43-jierrige man út Ljouwert is sneintejûn oppakt foar bedriging fan it personiel fan de McDonalds oan de Wurdumerdyk yn syn wenplak. De fertochte wie ûnder ynfloed en gong de diskusje oan mei de meiwurkers. De man wegere fuort te gean en bedrige it personiel.

Dat wie reden foar de meiwurkers om de plysje te beljen. De Ljouwerter fersette him by syn arrestaasje. Hy waard yn de sel setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)