Ajax hopet Sinkgraven yn de winterstop oer te nimmen

22 des 2014 - 07:56

Trainer Frank de Boer fan Ajax hopet dat Daley Sinkgraven fan SC Hearrenfean dizze winterstop de oerstap makket nei Ajax. De 19-jierrige middenfjilder hat de earste seizoenshelte in soad yndruk makke. Ajax hat op de posysje dêr't Sinkgraven spilet al aardich wat fuotballers, mar De Boer tinkt dat er seker wearde hat foar de ploech fan de regearend lânskampioen.

Njonken Ajax binne der ek ferskate bûtenlânske klups ynteresseard yn Sinkgraven, mar de Feanster fuotballer bliuwt sels it leafst earst noch yn de earedivyzje spyljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)