SER: ikoanen moatte Noard-Nederlân helpe

22 des 2014 - 07:40

De SER Noard-Nederlân set mei it bedriuwslibben en de fakbûnen yn op saneamde ikoanen fan it Noarden. Sa wol de SER der foar soargje dat it Noarden op ekonomysk mêd bybliuwe kin by de rest fan Nederlân. As foarbyld wurdt Philips yn Drachten neamd. Dat bedriuw rint op guon terreinen wrâldwiid foarop.

Troch dêr mear op yn te setten komme der neffens de SER banen by. It Noarden hat de lêste jierren de efterstân op de rest fan it lân wol ynhelle, mar de SER warskôget dat it him wol ynsette bliuwe moat om foar te kommen dat it wer fuortsakket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)