UNIS Flyers pakt alfde oerwinning by Tilburg Trappers

21 des 2014 - 17:06

De iishockeyers fan de UNIS Flyers pakten snein de alfde oerwinning op rige troch Tilburg Trappers mei 4-1 oan de kant te setten. De Flyers moast al betiid yn de wedstriid fierder sûnder Joey Oosterveld, dy't it iis ferliet mei in knibbelblessuere. Tilburg profitearre troch de 1-0 te meitsjen. Andrew Krelove brocht de stân wer yn lykwicht.

Yn de twadde perioade soarge Kevin Nijland yn powerplay situaasje foar de 1-2. Yn de lêste perioade smiet Marco Postma de wedstriid yn it slot mei de 1-3. Tony Demelinne tekene úteinlik foar de einstân.

Mei de winst pakke de iishockeyers fan de UNIS Flyers de perioadetitel en pleatse har ek fuortendaliks foar de heale finale fan de play-offs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)