Verbeek wurdt haadtrainer by Vfl Bochum

Gertjan Verbeek fan Jobbegea giet op 'e nij yn Dútslân oan de slach as trainer. Verbeek (52) waard it snein iens mei VfL Bochum, dat útkomt yn de twadde Bundesliga. Neffens direkteur Hochstâtter fan Bochum wurdt Verbeek moandei om 13.00 oere presintearre.
Verbeek siet snein op de tribune by de thúswedstriid fan Bochum tsjin Erzgebirge Aue. Verbeek seach hoe't syn nije ploech ûntsnapte oan ferlies, troch in goal yn de lêste minút fan Tobias Weis (1-1). Bochum stiet op it alfde plak yn Dútse twadde divyzje.
De âld-trainer fan Heracles, SC Hearrenfean, Feyenoord en AZ wurke it ôfrûne seizoen al in skoftke yn Dútslân by 1. FC Nürnberg. Verbeek krige doe nei in healjier dien fanwege ôffallende resultaten.