Follybalsters Snits winne ienfâldich fan Weert

21 des 2014 - 16:35

De follybalfroulju fan Snits pakten snein in ienfâldige 3-0 oerwinning op Weert yn de achtste finale om de follybalbeker. Yn sporthal Schuttersveld pakten de Snitser froulju de earste set ienfâldich mei 25-15. Ek de twadde set gong mei 25-18 nei de ploech fan trainster Petra Groenland. Yn de tredde set makken de froulju rap dien wurk. De gasten út Weert waarden oertsjûgjend mei 25-11 oan de kant set.

Troch de winst binne de froulju wis fan de kwartfinale, wêryn't se it opnimme sille tsjin Eurosped. Snits wûn it ôfrûne seizoen de beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)