Gesellich drok op Gordykster krystmerk en keapsnein

21 des 2014 - 15:33

It wie snein gesellich drok op de Gordykster krystmerk. De krystmerk wie tagelyk mei de keapsnein en dêr kaam in soad folk op ôf út De Gordyk en fiere omkriten. Middenstânsferiening WHI hat no in pear kear proefdraaid mei keapsneinen. De ûnderfinings binne sa goed dat se dêr yn 2015 mei trochgeane. Tenei is eltse lêste snein fan de moanne keapsnein.

Mar lang net alle winkels dogge mei. Snein bleau ien op de fjouwer winkels ticht. Ek it publyk op de krystmerk hat mingde gefoelens oer de keapsnein. Guon binne eins op de keapsnein tsjin.

Mar se woene dochs even op de krystmerk sjen foar de 'gesellichheid'. Neffens Maaike van der Berg fan de WHI komme der ek aardich wat Drachtsters op de Gordykster keapsnein, omdat yn Smellingerlân alle winkels ticht binne op snein.

Trefwurden: 
krystmerk keapsnein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)