Marco Gielen wint 14e krystkros yn Oranjewâld

21 des 2014 - 14:57

De 14e edysje fan de iepen noardlike krystkros yn Oranjewâld is snein in proai wurden foar Marco Gielen út Venlo. Hy kaam nei 10 kilometer mei in grutte foarsprong as earste oer de einstreek yn in tiid fan 33,20 minuten. Twadde waard Maarten Zeegers, de winner fan ferline jier. Arjen Sierd van der Logt einige as tredde.

By de froulju gong de winst nei Jacelyn Gruppen út Drinte. Sy rûn de 6 kilometer yn in tiid fan 22,38 minuten. Twadde waard Immy Auck Kersbergen fan Wommels. It tredde plak gong nei Ydwine van der Veen fan AV Heerenveen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)