Fryske roeiers foar Serious Request yn Haarlem

21 des 2014 - 13:26

De Fryske roeiers fan Serious sloeproeien binne sneontejûn oankaam yn Haarlem. Se koene in bedrach fan 19.450 euro en 68 sinten oanbiede oan de dj's fan 3FM yn it Glêzen Hûs foar de aksje fan Serious Request. De roeiers soene oarspronklik oer de Iselmar roeie, mar troch it rûge waar koe dat net trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)