Histoaryske oerwinning LDODK op koprinner PKC

21 des 2014 - 11:16

LDODK soarge sneon foar in daverjende ferrassing troch foar it earst yn de kuorbal league histoarje te winnen fan PKC. Yn sporthal Koartsweagen waard de koprinner en mearfâldich lânskampioen út Papendrecht mei 23-17 ferslein. By it skoft stienen de Gordyksters mei 13-9 foar.

De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool hie as opdracht de tsjinstanner op te jeien en net yn it spul komme te litten, en dat pakte geweldich út. Alle spilers wisten te skoaren, wylst de spearpunten by de PKC-froulju op de nul hâlden wurden.

By LDODK waard Erwin Zwart topskoarder mei seis goals, André Zwart makke fiif en Menno Russchen kaam ta fjouwer treffers.

SCO pakte in klasse leger in 22-18 oerwinning op Rohda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)