Boek oer Gais Meinsma presintearre

21 des 2014 - 09:18

Yn Jorwert is sneontemiddei it boek 'Gais' presintearre, oer it libben fan Gais Meinsma-Greydanus. In fol sosjaal libben dat net altyd like maklik wie. Sa wie Gais Meinsma de inisjatyfnimster fan it iepenloftspul en hat se der foar striden dat froulju keatse mochten. Se fertelt yn it boek ek oer har grutte persoanlike fertriet, it ferlies fan har man en twa fan har bern. It boek is skreaun troch Dick Witte út Tilburch.

Witte hat ein jierren '70 yn Fryslân wenne en wie doe har kollega by de gesinssoarch. Hy fynt har in bysûnder sterke frou.

Gais is in foarbyld foar de partisipaasjemaatskippij. Hy reizge twa jier op en del nei Fryslân om yn ynterviews mei Gais Meinsma en minsken om har hinne, har libbensferhaal op te tekenjen.

Trefwurden: 
boek Jorwert Gais Meinsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)