Sint Thomaslieden úteinset

21 des 2014 - 08:40

Yn Ketlik is sneintemoarn om sân oere wer begong mei it jierlikse Sint Thomaslieden. Oant 1 jannewaris wurde de klokken let. It Sint Thomaslieden is in âlde tradysje, bedoeld om kweageasten te ferjeien. Eartiids gie it lieden dei en nacht troch. Dat mei net mear.

De klokken binne no te hearren fan sân oere moarns oant tsien oere jûns.

Trefwurden: 
Ketlik Sint Thomaslieden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)