Gjin âldjiersfeest Wolvegea

21 des 2014 - 08:38

Der komt dit jier gjin âldjiersfeest yn Wolvegea. De gemeente Weststellingwerf hie der al in fergunning foar jûn en in subsydzje fan 1500 euro. It feest soe plakfine op it Victoariapark yn Wolvegea, mar de organisatoaren hawwe har werom lutsen. Se fine it finansjele risiko te grut, sa hawwe se de gemeente witte litten. De gemeente Weststellingwerf fynt it spitich dat it âldjiersfeest net trochgiet en sil no yn petear mei in fertsjintwurdiging fan de hoareka yn Wolvegea.

Trefwurden: 
Wolvegea âldjiersfeest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)