Grien ljocht foar nij startbelied Alvestêdetocht

Mei yngong fan de winter fan 2015/2016 meie alle leden fan de Alvestêdeferiening oan de tocht meidwaan. De leden hawwe sneon op de ledegearkomste yn Ljouwert manmachtich ynstimd mei dit nije belied. Foarsitter Wiebe Wieling hie it oer in 'histoarysk beslút'.
De Alvestêdeferiening hat op dit stuit twa types leden: âldere leden dy't altyd starte meie en jongere leden dy't lotsje moatte. Dat ûnderskied ferdwynt no. Gefolch fan it beslút is dat yn de praktyk sa'n 24.000 riders starte meie.
De feriening hat mei-inoar sa'n 30.000 leden, mar in part fan harren is te âld om fan harren startrjocht gebrûk te meitsjen. De organisaasje fan de tocht moat wol oanpast wurde. Sa komme der twa rûtes troch de stêd Snits en mear klúnplakken. Ek moatte alle dielnimmers in heske drage om it swartriden tsjin te gean. Nije leden komme op in wachtlist. Om de tocht goed ferrinne te litten mei it gruttere oantal dielnimmers, komme der mear startgroepen en mear stimpelposten.