Brûns foar Sjinkie Knegt by wrâldbeker yn Seoul

20 des 2014 - 12:07

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Seoul brûns wûn op de tûzen meter. It is al Knegt syn sechde medalje fan dizze winter en syn twadde brûns op de 1.000 meter. Knegt lei in skoft op koers foar goud. Hy naam yn de finale fuortendaliks de lieding en gie nei de fal fan syn konkurrint Charles Hamelin fol foar de winst.

Yn de foarlêste ronde foel Knegt sels ek, wêrtroch de Sinees Dajing Wu en de Súd-Koreaan Yoon-Gy Kwak him passeare koene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)