Ferdûbeling oantal swakke Fryske basisskoallen

19 des 2014 - 20:48

It tal swakke basisskoallen yn Fryslân is it ôfrûne jier ferdûbele. Dat meldt de Underwiisynspeksje. Waard yn 2013 noch 1,7 prosint fan de Fryske basisskoallen bestimpele as swak, dit jier is dat oantal groeit oant 3,5 prosint.

De ferdûbeling is opfallend sjoen it feit dat it tal swakke skoallen yn de oare noardlike provinsjes wol omheech gong, mar net mei sa'n grut persintaasje. Yn it Underwiisferslach dat april takom jier ferskynt, sil de ynspeksje fierder yngean op de oarsaken fan de groei fan it tal swakke skoallen yn Fryslân.

It oantal swakke middelbere skoallen gong yn Fryslân wol nei ûnderen. Yn 2013 wie 10,2 prosint fan de Fryske fuortset ûnderwiislokaasjes swak. Yn 2014 is dat sakke nei 7,5 prosint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)