"Noard-Nederlân moat ynvesteare"

19 des 2014 - 17:03

Noard-Nederlân moat ambisjeuzer wurde. Dat fynt de SER Noard-Nederlân. Der moat bot ynvestearre wurde yn ynnovaasje, ûnderwiis en diken. Noard-Nederlân hat de efterstân mei de rest fan it lân al aardich ynrûn, mar der binne noch wol parten fan it Noarden dy't te krijen hawwe mei hege wurkleazens. Om by te bliuwen, moatte oerheden yn it Noarden klear wêze foar nije ûntjouwings. Want as it Noarden no net ynvestearret, sil it de oansluting mei de rest fan it lân rap wer ferlieze.

Trefwurden: 
ekonomy SER
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)