Stoarm: krystmerk Balk giet net troch
De krystmerk yn Balk giet sneon net troch. Fanwege de waarsfoarsizzing mei in soad rein en hurde wyn sjocht de organisaasje him twongen om de krystmerk dit jier net trochgean te litten. Yn de winkelstrjitte fan it doarp steane alle jierren sa'n 50 oant 60 kreammen. De standhâlders binne yntusken ôfmeld.