Oanlis ekodukt by Sintrale As úteinset

De Sintrale As begjint hieltyd mear foarm te krijen. Dizze wike is úteinset mei de oanlis fan in ekodukt. De nije dyk dy't tusken Dokkum en Nyegea krúst by De Falom nammentlik in natoergebiet. In ekodukt is in passaazje wêrmei't bisten in dyk oerstekke kinne.
De provinsje lit it ekodukt oanlizze om it gebiet op dizze wize wer werom te jaan oan de natuer. De passaazje wurdt 150 meter lang en 3 meter heech. Neffens Sytze Visser fan de provinsje Fryslân moatte yn juny 2015 de earste bisten ûnder it ekodukt troch rinne kinne.