'Histoaryske plakken mei-inoar ferbine'

19 des 2014 - 15:10

Mei it projekt de Noardlike Lustwaranda wol de provinsje Fryslân in nije ympuls jaan oan sa'n fyftich histoaryske parken, tunen, begraafplakken en âlde lânskipseleminten yn Noard-Nederlân en Noardwest Dútslân. Doel is dat eigeners mei de gemeente en de provinsjes ûndersykje hoe't in gebiet op oare wizen brûkt wurde kin, om sa mear toerisme oan te lûken. It giet bygelyks om parken as Oranjewâld of de Prinsetún. Troch gear te wurkjen en de lânskippen mei-inoar te ferbinen, moat der in oantreklik gehiel ûntstean foar besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)