"Skier by Grinslân, en Grinzer Pein nei Fryslân"

Neffens de nije Atlas voor Gemeenten soe de provinsje Fryslân in pear grinskorreksjes krije moatte. Sa soe it eilân Skiermûntseach better by Grinslân yndield wurde kinne. It doarp de Grinzer Pein is sa bot op Fryslân oriïntearre dat it logysker is om it doarp oan Fryslân ta te heakjen.
Mear yn it suden docht de Atlas in foarstel foar in grinskorreksje wêrby't Haulerwyk nei Drinte giet. Neffens foarsitter Poppe Akkerman fan doarpsbelang mei der út Fryslân wei wol wat mear oandacht komme foar de berikberens fan it doarp.
Haulerwyksters fiele har Frysk en de measten prate ek Frysk. Mar trochdat de ferbining mei Drachten en de rest fan Fryslân net sa goed is, geane in soad minsken út it doarp yn Drinte te winkeljen. Mei de ferdûbeling fan de autodyk Drachten - Appelskea sjit Haulerwyk net folle op, omdat it doarp gjin eigen ôfslach krijt.