Boalserter drukt Snitser fan de dyk ôf

19 des 2014 - 11:04

In 25-jierrige bestjoerder út Boalsert is tongersdei op de A7 by Folsgeare oanhâlden nei't hy mei opsetsin in 36-jierrige Snitser fan de dyk riden hie. De plysje kaam op in melding fan in ûngelok ôf. Op it plak sels troffen de plysjes de ferwûne Snitser en de Boalserter oan.

In tsjûge melde dat de Boalserter by de Snitser oan it bumperkleven west hie en mei grut ljocht knippere wêrnei't hy de Snitser fan de dyk drukte. De man is oanhâlden en sit noch fêst. Syn auto is yn beslach naam. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
ûngelok A7 plysje ferkear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)