Liveblog: de finale fan 'Samen voor de Voedselbank'

19 des 2014 - 10:13

De aksje 'Samen voor de Voedselbank' fan Omrop Fryslân belibbet freed de finaledei. De aksje is no al in sukses, freedtemoarn wie al foar hast 80.000 euro oan itensguod ophelle foar de Fryske itensbanken. Al mei al binne mear as 30.000 produkten binnenkaam. De eksakte opbringst wurdt freedtejûn om 18.20 oere bekend makke yn in spesjaal televyzjeprogramma dat live útstjoerd wurdt. Yn totaal ha mear as 150 frijwilligers by de Omrop yn it spier west om alle produkten dy't út hiel Fryslân hjir binnenkamen te sammeljen en te selektearen.

Folgje hjir de hiele dei alles wat der bart op de sosjale media en yn it gebou fan Omrop Fryslân. Ferfarskje jo side foar de lêste berjochten troch op F5 te drukken.

Sjoch foar alle ynformaasje oer de aksje op ús Voedselbankside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)