Sensoor Fryslân siket ekstra frijwilligers

Depresje © Omrop Fryslân
Helporganisaasje Sensoor Fryslân siket nije frijwilligers dy't mei de krystdagen in lústerjend ear wêze wolle foar minsken dy't har iensum fiele. Benammen yn perioaden fan feestdagen en gesellichheid hawwe in soad minsken ekstra lêst fan iensumens. Dizze minsken kinne kontakt opnimme mei Sensoor Fryslân. De telefoanyske helptsjinst is dei en nacht berikber.
Foar de kommende feestdagen ferwachtet de organisaasje in soad tillefoantsjes. Dêrom binne ekstra frijwilligers fan herte wolkom.