Offal wurdt keunst yn NHL Hegeskoalle

NHL yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Fan ôffal in stjerrehimel meitsje, dat is wat keunstner Harry Arling de ôfrûne wiken dien hat by de hegeskoallen Stenden en de NHL yn Ljouwert. In wike lang sammele Arling ôffal fan beide hegeskoallen yn om der in keunstwurk fan te meitsjen. It resultaat is in krystdekôr binnen de NHL-muorren, dêr't de keunstner in stikje stjerrehimel mei útbyldzje wol.
It projekt is in inisjatyf fan de keunstkommisje fan NHL Hegeskoalle. Mei spesjale keunstbakken waard ôffal ynsammele, besteande út hurd plestik.