"Wynmûnebeslút fan Provinsjale Steaten is treurich"

© Janny Dijkstra
It beslút fan Provinsjale Steaten om opnij ûndersyk te dwaan nei wynmûnen op en by de Ofslútdyk is treurich. Dat seit gearwurkingsklup Het Blauwe Hart yn in reaksje op it wynmûnebeslút dat de Steaten woansdei bekend makken.
De polityk negeart dêrmei de resultaten fan Fryslân foar de Wyn en de útspraak fan de minister om de Ofslútdyk net mei te nimmen yn de syktocht nei geskikte lokaasjes foar wynmûnen. As alle provinsjes allinnich mar nei harren eigen stikje sjogge, wurdt de Iselmar it wynputsje fan Nederlân, stelt Het Blauwe Hart.