Bysûndere kryststallen op guon plakken yn Fryslân

18 des 2014 - 17:14

De kommende dagen binne se yn elke stêd, doarp of sels thús ûnder de krystbeam te finen; de kryststallen. Yn Boalsert en Frjentsjer wurdt op dit stuit hurd wurke oan twa bysûndere eksimplaren. Yn Frjentsjer wurdt in kryststâl boud mei 6000 ballonnen. Dit is in inisjatyf fan de Vrije Baptisten Tsjerke. De stâl wurdt tongersdeitejûn offisjeel iepene.

Yn ien fan de âldste tsjerken fan Fryslân, de Broeretsjerke yn Boalsert, wurdt it wat tradisjoneler oanpakt. Dêr is ek dit jier wer in libjende kryststâl te sjen mei echte bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)