Broken Brass Ensemble sleept kontrakt binnen

Broken Brass Band
De muzikanten fan it Broken Brass Ensemble út Ljouwert hawwe in kontrakt ûndertekene by Goomah Music. Op 23 desimber sil it blazersensemble mei in earste single komme, dy't de namme 'Hoe Het Is' kriget. Yn de maitiid fan 2015 moat it debútalbum ferskine.
It Broken Brass Ensemble waard bekend fan harren remake fan de hit Thrift Shop. De eigen ynterpretaasje soarge foar nasjonale en ynternasjonale bekendheid.