Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan april

23 des 2014 - 07:30

Wy sjogge werom op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan 2014. Oant en mei 31 desimber pleatse wy alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. Wy binne by april.

1. Fearboate-oarloch tusken Doeksen en EVT is foarby

Nei jierren fan striid komt der in ein oan de fearboate-oarloch tusken Doeksen en de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT. Doeksen nimt de Spathoek fan EVT oer en wurdt de iennichste rederij foar Skylge en Flylân. De EVT krijt in fergoeding fan 9 miljoen euro fan de steat.

2. Cambuursupporters jeie trainer Lodeweges fuort

Hy soe oant de ein fan it seizoen bliuwe, mar trainer Dwight Lodeweges ferlit Cambuur per direkt. It nijs dat er trainer wurdt fan SC Hearrenfean falt net goed by de supporters en dat litte se dúdlik merke by fûle protesten op de training.

3. Wjerljocht slacht yn neist sylboat mei bern

By Jiskenhuzen slacht de wjerljocht yn neist in sylboat mei fiif bern deryn. Nei't ien fan de bern 112 belle hie, waard der grut alarm slein. Fjouwer fan de fiif opfarrenden wurde út foarsoarch nei it sikehûs brocht.

4. Mysterieuze ferdwining op fiskkotter

In mysterieuze ferdwining op in Urker fiskkotter. As it skip de haven fan Harns binnenfart, blykt dat de Belgyske masinist ferdwûn is. Der wurdt grutte sykaksje opsetten op see. Krekt letter docht bliken dat de man him ferstoppe hie achter in wand yn syn hut, omdat er noch in selstraf útsitte moast.

5. Berltsum diskoteek TDF slút de doarren

En alwer slút in Fryske diskoteek de doarren, dizze kear The Dance Factory (TDF) yn Berltsum. Eigener Jetze Hoekstra seit bot lêst te hawwen fan de nije hoarekawet, dêr't yn stiet dat jeugd oant 18 jier gjin alkohol keapje meie.

6. Fermissing fan man nei 28 jier oplost

It coldcase-team fan de plysje yn Den Haach lost it mystearje fan in oanspylde skonk op Skylge yn july 1987 op. Troch in DNA-match is no bekend fan wa't dy skonk wie. It giet om in 45-jierrige man út de Rânestêd dy't yn 1986 troch syn famylje as fermist opjûn waard.

7. Frachtwein rollet Drachtster kanaal yn

By Agrifirm yn Drachten rekket in frachtwein yn it wetter. De sjauffeur krige de frachtwein net fan de hânrem ôf en liet dêrom de lucht út it systeem rinne. Doe't de man nei in bakje kofje werom kaam op it parkearplak, die bliken dat de hânrem derôf sketten wie.

8. Cambuur bliuwt yn de earedivyzje

Cambuur bliuwt yn de earedivyzje. Yn in spektakulêre wedstriid tsjin Vitesse witte de Ljouwerters thús mei 4-3 te winnen. Cambuur hat genôch punten om de neikompetysje te ûntrinnen.

9. Motorrider masturbearret ûnder it riden

De plysje op It Hearrenfean hâldt in motorrider oan dy't ûnder it riden oan it masturbearjen wie. In tsjûge seach de motorrider op de paralleldyk lâns de A32 riden en joech it kenteken troch oan de plysje.

10. Doutzen Kroes wurdt it gesicht fan Rivella

Topmodel Doutzen Kroes fan Eastermar is it nije gesicht fan Rivella. Se hat in tillevyzjereklame opnaam foar it drankje. It is net tafallich dat Doutzen reklame makket foar it frisdrankmerk, want lykas Doutzen komt Rivella út Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)