Strjitferljochting yn Achtkarspelen giet wer oan

18 des 2014 - 15:24

De strjitferljochting yn de gemeente Achtkarspelen giet wer oan. Ein foarich jier waard om besunigingsoerwagings besletten de lantearnen om en om út te setten. Guon plakken waarden sels hielendal net mear ferljochte. Der binne goed 300 reaksjes op de maatregels kaam. Dêrút die bliken dat de feiligens en de leefberens achterútgien binne.

Wethâlder Max de Haan fan Achtkarspelen seit no syn ferantwurdlikheid te nimmen en foar de krystdagen alle lantearnepeallen yn de doarpen wer oan te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)