SC Hearrenfean befestiget ynteresse foar Rusnák

18 des 2014 - 12:35

SC Hearrenfean wol Cambuur middenfjilder Albert Rusnák yn 'e winter oernimme. De Ljouwerters hiere de Slowaakse middenfjilder fan Manchester City, mar dat kontrakt rint yn desimber ôf. Manchester City wol de talintfolle middenfjilder yn de transferperioade ferkeapje om noch wat jild oan him te fertsjinjen. Hearrenfean is net de ienige klup dy't ynteresse hat, ek FC Grins en PAOK Saloniki hawwe belangstelling. Rusnák hat sels oanjûn dat hy yn de earedivyzje fuotbalje bliuwe wol.

De mooglike oergong fan Rusnák nei SC Hearrenfean leit gefoelich, hielendal omdat yn april fan dit jier trainer Dwight Lodeweges de oerstap makke nei de grutte rivaal. It Slowaakske talint spile oant no ta 16 wedstriden foar Cambuur en wie dêryn fjouwer kear trefseker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)