Skûtsje mei Voedselbankprodukten ûnderweis nei Ljouwert

18 des 2014 - 12:32

In skûtsje fol mei produkten foar de aksje Samen voor de Voedselbank fart tongersdei fan Grou nei Ljouwert. Ferline wike freed ha bern fan de Grouster skoallen iten ynsammele foar de itensbank en sneon koene minsken produkten by de supermerken yn Grou ynleverje. Dizze produkten binne yn in skûtsje laden en wurde nei Ljouwert ta brocht.

It skûtsje is om 11.00 oere út Grou ôfset en ferwachtet 14.00 oere yn Ljouwert oan te kommen. As jo it skûtsje farren sjogge meitsje dan in foto of in filmpke en stjoer it nei nijsfoto@omropfryslân.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)