Plysje warskôget foar ynbraken mei de feestdagen

18 des 2014 - 12:29

De plysje Noard-Nederlân warskôget foar ynbraken mei de kommende feestdagen. Neffens de plysje nimt it oantal ynbraken yn Fryslân, Grinslân en Drinte de lêste jierren ta. Yn 2013 wie dat mei de krystdagen, yn 2012 mei de jierwiksel. In soad minsken binne mei de feestdagen fuort, wat it foar ynbrekkers maklik makket om binnen te kommen.

De plysje advisearret minsken dan ek om binnen en bûten it hûs in soad ljocht te brûken, mooglik mei bewegingsmelder.

Trefwurden: 
plysje ynbraken feestdagen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)