Rugbyklups wegerje 1,2 miljoen te beteljen oan rugbybûn

18 des 2014 - 10:46

De rugbyklups yn it Noarden sille sneon tsjin it plan stimme wermei't it Nederlânske Rugbybûn fan in fallisemint rêden wurde moat. Dat ha de klups yn Fryslân, Grinslân en Drinte mei in klup yn Swolle besletten. De klups sizze dat se wol ynvestearje wolle yn it bûn, dat 1,2 miljoen euro nedich hat, mar wolle dit bedrach net streekrjocht oan it bûn oermeitsje.

Neffens de klups is it bedrach fan 1,2 miljoen te heech en is der gjin fertrouwen dat it by dit bedrach bliuwe sil.

De klups sizze dat se iepen stean foar alternativen, mooglik sels de oprjochting fan in nij bûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)