Riedslid stapt út PvdA fraksje Weststellingwerf

18 des 2014 - 10:27

Riedslid Ronald Westenberg stapt út de PvdA-fraksje fan Weststellingwerf. Hy giet fierder as ienmansfraksje. Westenberg wie sûnt begjin dit jier dwaande mei syn tredde perioade as riedslid. Yn in ferklearring seit er dat der binnen de PvdA-ôfdieling en -fraksje in situaasje ûntstean is wêrtroch hy net mear goed wurkje kin en it fertrouwen fuort is.

Om't Westenberg de lêste kear mei foarkarstimmen keazen is, wol er net út de ried stappe en giet er as ienmansfraksje fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)