Polderhoofdkanaal op 'e tiid iepen

18 des 2014 - 07:53

It pineholle dossier Polderhoofdkanaal fan de gemeenten Opsterlân, Smellingerlân en de provinsje kin ticht. Mei it ynstallearen fan de boppebou fan de klapbrêge Polderhûs kin it miljoeneprojekt noch krekt foar 31 desimber ôfsletten wurde. Ta grutte opluchting fan de belutsen partijen, want as dy deadline net helle wie dan hie in grut part fan de subsydzjes werombetelle wurde moatten. Op 30 desimber sil dêrom feestlik stilstien wurde bij it feit dat it hiele kanaal no wer befarber is.

Sa wurdt ûnder oaren in boattochtje holden troch de Noarderslûs, dêr't dizze wike noch de lêste hân oan lein waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)