Sjauffeur krijt proses-ferbaal foar ravaazje op krúspunt

17 des 2014 - 21:42

In 23-jierrige frachtweinsjauffeur út Drachten hat woansdei in proses-ferbaal krigen om't er syn lading net goed fêstmakke hie. Dêrtroch ferlear de frachtwein oan de ein fan de middei in grut part fan de lading doe't de sjauffeur op it Oostergoplein yn Ljouwertde bocht omgie.

Hûnderten blikken kondinsmolke bedarren op it krúspunt. De plysje en de gemeente hawwe in pear oeren dwaande west om de blikken op te rêden. It ferkear yn de jûnsspits hie in soad lêst fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)