"COA hat him skuldich makke oan yntimidaasje"

It haadgebou fan Mooi Gaasterland © Wikipedia CC, Gouwenaar
It Centraal Orgaan opvang Asielzoekers hat him skuldich makke oan yntimidaasje, by it besykjen om in opfangsintrum yn Riis te festigjen. Dat sei Jaap Betsema út Riis woansdeitemiddei út namme fan de wurkgroep Riis, yn in petear mei de Twadde Keamer yn Den Haach. It COA makke begjin dizze wike bekend dat it asylsikerssintrum úteinlik dochs net yn Riis komt. Ek SP-keamerlid Gesthuizen fynt dat it COA tefolle druk set hat op gemeente De Fryske Marren.
Boargemaster Aalbers fynt dat it COA net earst mei de eigener fan Mooi Gaasterland praten moatten hie, mar mei it gemeentebestjoer. Neffens de PVV moat it COA de eigener no ôfkeapje, it COA wol dêr net op reageare.