Reade tried: Fryslân moat fusearje mei Grinslân en Drinte

Reade tried © Omrop Fryslân
Dat is de stelling hjoed yn de Reade Tried. De diskusje komt wol faker foarby. Oanlieding is diskear dat de gemeente Haren kiest foar Tynaarlo as fúzjepartner. Dêrtroch ûntstiet de earste echte boppe-provinsjale gemeente fan Nederlân. Dêrtroch binne der ek twa provinsjes belutsen by dy weryndieling en dat kin wer soargje foar gedoch tusken dy provinsjes. Dus, sei de haadredakteur fan RTV Noord yn Grinslân: lit dy noardlike provinsjes dan ek fusearje, dat skeelt gedonder. Boppedat... Soene dy trije provinsjes mei elkoar oardel miljoen ynwenners hawwe, Waadeilannen, sâltwinning, gaswinning, natoer, lânbou en in seehaven hawwe. Dan hawwe we yn Den Haach miskien ek ris wat yn te bringen.
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.