Frachtwein ferliest doazen op Ljouwerter krúspunt
It ferkear yn Ljouwert moat rekken hâlde mei fertraging. In frachtwein hat woansdei oan de ein fan de middei op it Oostergoplein yn de stêd in hiel soad doazen ferlern. It krúspunt leit fol mei doazen mei blikjes molkpoeier.
It is de ferwachting dat it oprompjen fan de gaos noch wol in tal oeren duorje kin. It ferkear wurdt omlaat.