Mearderheid liket foar wynmûnen yn de Iselmar

Wynturbinepark op see © ANP
De Provinsjale Steaten lykje yn mearderheid te kiezen foar wynmûnen yn de Iselmar: it Wynpark Fryslân. It CDA en PvdA ha in amendemint yntsjinne foar in wynpark dêr fan 316 MegaWatt. De mooglikheid om wynmûnen yn in line op te stellen by de Ofslútdyk del, moat ûndersocht wurde.
Want ek al hat minister Kamp gjin foarkar foar dy opsje, deputearre Hans Konst wol dêr yn Den Haach wol foar pleitsje.