Brân yn hûs yn Sint-Jânsgea

© ANP XTRA
De brân yn in frijsteand hûs oan de Streek yn Sint Jansgea is ûnder kontrôle, dat lit de brânwacht witte. It fjoer begûn woansdei oan it begjin fan de middei. It korps fan It Hearrenfean waard ynskeakele foar it blussen, ek waard út foarsoarch in heechwurker oproppen.
De brân hat foar in soad reek- en wetterskea soarge. Net ien rekke ferwûne, de bewenners wienen op it momint fan it útbrekken fan de brân net thús.