Oanjefte tsjin it fernielen fan in rôffûgelbriedplak

17 des 2014 - 12:11

Natuerferiening Geaflecht op 'e Gordyk hat oanjefte dien by de Voedsel- en Warenautoriteit fan it fernielen fan in briedplak foar bysûndere rôffûgels by Olterterp. It giet om in beam dêr't yn 2013 in wapseglee (wespendief) brette en dit jier siet der in span hauken.

Hast alle beammen om dizze beam hinne binne fuortkapt sadat it nêst frij komt te lizzen. Dêrtroch is it net mear ynteressant foar de rôffûgels en bestiet in grutte kâns dat der nylguozzen yn komme. Geaflecht hat in list fan 150 oertrêdings oangeande kapwurk.

De oanjefte is dien tsjin de Unie van Bosgroepen dy't it wurk foar de eigeners útfiert. De regiobehearder kin net ynhâldlik reagearje om't se de oanjefte noch net sjoen ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)