Bedriuweterrein Betterwird yn Dokkum wreidet út

17 des 2014 - 11:47

It bedriuweterrein Betterwird yn Dokkum wreidet út. Oanlieding is de nijbou fan it digitale printbedriuw Probo Sign. Sy bouwe yn earste ynstânsje 5.000 kante meter derby, mei in opsje fan nochris ien bunder.

It bedriuweterrein, eigendom fan de gemeente Dongeradiel, moat yn jannewaris klear wêze. De bedoeling is dat de nije loads fan Probo Sign in moanne letter yn gebrûk naam wurdt. De gemeente is bliid mei dizze ûntwikkeling, om't it in teken is dat de ekonomy wer oanlûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)