Ried Frjentsjer hâldt te min kontrôle op skuldhelp

17 des 2014 - 07:40

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel kontrolearret net goed oft de helpferliening oan minsken mei skulden wol goed wurket. Dat is de konklúzje fan de rekkenkeamerkommisje. Neffens de ûndersikers hat de ried wol ynsjoch yn de finânsjes, mar dat seit neat oer de kwaliteit fan de help. En dêr hat de gemeenteried ek neat oer ôfpraat.

De skuldhelpferliening wurdt útfierd troch de tsjinst sosjale saken en wurkgelegenheid Noardwest Fryslân, mar de gemeente is ferantwurdlik foar de resultaten.

De rekkenkeamer hat dêrom ek sjoen nei de kwaliteit fan de helpferliening: dy foldocht oan de regels, al is net hielendal dúdlik hoefolle minsken nei it helptrajekt dochs wer yn de problemen komme. Dat moat neffens de kommisje better byhâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)