Renovaasje Koepeltsjerke Berltsum klear

De Koepeltsjerke yn Berltsum is wer klear foar de takomst no't dizze wike in yngeande restauraasje ôfsletten wurde kin. Sa waarden maatregels nommen om it fersakjen fan de tsjerketoer te kearen, waarden grutte en gefaarlike skuorren yn de muorren wersteld en waard boppedat it skilderwurk wer yn âlde steat werombrocht.
Letter sil ek noch it histoaryske Mitterheiteroargel, it iennichste fan syn soart yn hiel Fryslân, in belangrike renovaasje ûndergean. De opknapbeurt sil sawat 200.000 euro kostje.
De Koepeltsjerke fan de Protestantse Gemeente Berltsum waard yn 1777 boud en is in byldbepalend monumint yn it doarp. It ynterieur hat tal fan histoaryske bysûnderheden, lykas in grêfsark fan de mem fan Pieter Stuyvesant.