Reedrydster Ireen Wüst keazen ta sportfrou fan it jier

Reedrydster Ireen Wüst is sportfrou fan it jier wurden. Se krige de priis útrikt út hannen fan kabaretier Erik van Muiswinkel op it Sportgala yn Amsterdam. Wüst neamt de titel in moaie bekroaning op in foar har fantastysk sportjier. Se betanke har reedrydploech TVM en har trainer Gerard Kemkers.
Wüst waard dit jier wrâld- en Europeesk kampioen en helle op de Olympyske Spelen yn Sotsji twa kear goud en trije kear sulver. Yn 2006 waard Wüst ek keazen ta sportfrou fan it jier.
By de manlju wiene û.o. Sven Kramer, Epke Zonderland en Jorrit Bergsma nominearre. Yn totaal wiene der sân nominaasjes yn dizze kategory. De award gie nei fuotballer Arjen Robben.