"Gemeenten moatte boetes foar fraude noch net ynkassearje"

16 des 2014 - 22:15

It Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden hat in brânbrief stjoerd oan 24 Fryske gemeenten en de Fryske Twadde Keamerleden. Yn de brief wurde de gemeenten oproppen om it oplizzen fan boetes foar fraude, en it ynkassearjen derfan foarearst út te stellen.

De Raad van Beroep hat ferline moanne oanjûn dat ynstânsjes en gemeenten folle mear rekken hâlde moatte mei de mooglikheid dat fraude net mei opsetsin dien wurdt. Somtiden kin fraude bygelyks ek in flater wêze.

Minister Asscher hat yn in brief oan de Twadde Keamer oanjûn dat it belied oanpast wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)