Aris wint mei 92-86 fan Donar Grins

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha tiisdeitejûn op spektakulêre wize wûn fan Donar Grins. Yn It Kealledykje yn Ljouwert waard it 92-86. Ryan Watkins waard topskoarder foar Aris mei 25 punten. Nei in efterstân yn it earste kwart (26-14), pakte Aris goed troch yn it twadde en tredde kwart. De foarsprong dy't doe opboud waard koene de Ljouwerter basketballers frij maklik fêsthâlde. Foar Aris wie it de fjirde oerwinning fan it seizoen.