Rintsje Ritsma krijt Fanny Blankers Koen karriêre award

16 des 2014 - 21:22

Ald-reedrider Rintje Ritsma hat tiisdeitejûn de Fanny Blankers Koen karriêre award krigen. Hy krige him útrikt op it sportgala fan de NOS/NOC*NSF yn Amsterdam. Ritsma fertelde doe't er de award krige dat er yn syn karriêre noch nea by it sportgala west hat omdat dat der doe noch net wie. Hy fûn it wol moai om der no by te wêzen en wie grutsk op de wurdearring.

Sjonger Dinand Woesthoff song in oade foar Ritsma en alle eardere winners fan de award. Dêrby wiene bylden te sjen fan Ritsma's reedrydkarriêre.

Ritsma krige de ûnderskieding fanwege syn jierrenlange fertsjinste yn it reedriden. 'De beer fan De Lemmer' waard fjouwer kear wrâldkampioen allround en seis kear Europeesk kampioen allround. Ek wûn er seis medaljes op de Olympyske Spelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)